Linepraatsjes
Bernewrâld online
10 mrt. 2010 - Sa as in protte oare bedriuwen en ynstellingen hat de Bernewrâld no ek har eigen “webstek”. Alle ynformaasje oer it bernedeiferbliuw fan Myja Zijlstra kinne je fine op www.bernewrald.nl
Opromming
9 mrt. 2010 - As de temperatuer bûten omheech giet, komme de 'lentekriebels' boppe. De ruten gean iepen, de biezem giet troch it hûs en kasten wurde leech helle. Op it prikboerd is genôch romte om jo oerstallich húsried oan te bieden. Faaks kinne... Lês fierder
De brêge derút
8 mrt. 2010 - Hjoed is der útein set mei de sloop fan de brêge yn de Ayttawei. Sa’n trije wike moatte auto’s en oar motoriseare ferkear in oare rûte nimme om yn of út it doarp te kommen. Foar fytsers en rinners leit der salang in ponton.
Der op út
7 mrt. 2010 - Der wie hjoed bûtendoar gâns folk op ’e lappen. It sinneskyn waar brocht minsken al kuierjend, fytsend of boartsjend fan hûs en hiem.
Een brief uit Kenia
6 mrt. 2010 - Danique en Britta vonden de actie schoenendoos van vorig jaar zo leuk, dat zij dit jaar op eigen initiatief nog 4 dozen vulden. De dozen werden verzameld in Heerenveen, en deze keer gingen de dozen naar Kenia. En nu kwam er deze week... Lees verder
Krekt al, krekt net...
6 mrt. 2010 - Learkrêften en buorlju fan de TDS stiene al mei de tillefoan yn 'e hân om 112 te skiljen. Se tochten dat master Henk platdrukt wurde soe tusken twa auto's doe't hy nei skoalle fytste. In tige gefaarlike situaasje! En dit is net de iennichtste.... Lês fierder
Jentsje syn pop is top
5 mrt. 2010 - Mei 35 persint fan de stimmen is de sniepop fan Jentsje van der Meer keazen ta Sniepop Topmodel 2009/2010. Fannemiddei op skoalle krige Jentsje de priis oerlange.
Op syk nei de mûs
4 mrt. 2010 - De fûgelwacht hat yn de krookjefakânsje mei in oantal bern op stap west nei Earnewâld. Hjir koene se sjen en heare wat de goudûle allegear opyt. Mûzen binne foar dizze fûgels in lekker hapke. Yn de braakballen dy’t dizze middei út elkoar... Lês fierder
Gemeenteriedsferkiezings 2010
4 mrt. 2010 - Sa'n 54% fan de stimgerjochtenden brochten juster in stim út by it stimburo yn Reduzum. Lyk as de landelike trend ferlieze de grutte partijen hjir ek stimmen. De útslach fan de gemeente Boarnsterhim.
Oranjekoeke foar Cito-kanjers
3 mrt. 2010 - Kaam it om't it master Henk syn lêste Cito wie, of om't de Cito ek by ús op skoalle bêst makke wie? It wie yn elts gefal hearlike oranjekoeke dêr't master Henk groep 8 op traktearde. Dat de Cito goed makke is, is te tankjen oan alle... Lês fierder
Boekewike yn de trije doarpen
3 mrt. 2010 - Snein set yn Idaerd de boekewike 2010 útein. Mei in oantal bekinde skriuwers dy’t foarlêze út har eigen wurk. Hawwe jim thús noch in boek dat in oar ek lêze moat, nim dat dan mei en kom dizze middei sels ek thús mei in oar boek.
Sealkeatsen en keatskampen
3 mrt. 2010 - Ek yn it winterskoft binne de keatsers drok. Snein 7 maart 2010 organisearret de federaasje Mid-Fryslan in wedstriid foar senioaren yn sporthal de Twine yn Grou fan 9:00 oan't 16:00 oere. Opjaan foar tongersdei 4 maart bij Oeltsje Velstra,... Lês fierder

meer linepraatsjes