Boekewike
Skriuwers Hylke Tromp en Sjoerd Bottema liezen om beurten foar út eigen wurk en trûbadoer Adri de Boer song in tsiental lieten. Sa`n 30 minsken kamen der op ôf en koenen genietsje fan werkenbere teksten. Sa hie Hylke û.o. in prachtich ferhaal oer in man dy `t graach akteur wurde wol en fertelde Sjoerd skitterend oer de heit dy`t sa graach wol dat syn soan in ferneamd fuotballer wurde sil. En Adri song bygelyks in liet oer syn earste leafde, wa har namme hy tsjin kaam yn in âlde aginda. In prachtige middei yn ús eigen moaie Fryske taal.
|
|
terug