Dorpssite Reduzum / Friens
Agenda
Za. 4 februari
- IJsbaan open

Zo. 5 februari
- Kerkdienst in Idaerd

Ma. 6 februari
- Breidzje & Borduere
- Bezoek RK Martinuskerk
Recent vernieuwd
Uitgelicht

Linepraatsjes

Wa helpt de iisklub oan moaie muzyk?

04 feb. 2012 - Lykas fannemiddei is it ek jûn wer gesellich op 'e iisbaan yn Reduzum. De koek en zopie giet iepen en foar de leafhawwers is der ek glühwein te keap.
Wa wol in cd meinimme mei moaie (disco)ferskes foar de bern en jongerein?

Estafettewedstriid foar senioaren

04 feb. 2012 - De iisklub fan Reduzum hâldt sneintejûn in estafettewedstriid foar senioren. Foar eltsenien dy’t fan de legere skoalle ôf is. De wedstriid begjint om 19.00 oere.
Miskyn ha de Frienzers noch puf oer om ek yn Reduzum te riden?
Opjefte kin by de iisbaantinte of oant 16.00 oere snein ta by Yfke Boersma.

Hurdriden yn Friens

03 feb. 2012 - Snein 5 febrewaris is der hurdriden foar leden en stipers fan iisklub de Izeren Wjuk. Om 13.00 oere op de opfeart by Peter. Opjaan oant sneon 21.00 oere by Max Brinksma. Info@veehandelbrinksma.nl

Gefaarlik bûtenwetter

03 feb. 2012 - De iisbaan is iepen. It Swin ek. Mar allinne foar de einen. Op meardere plakken leit it Swin suver folslein iepen. Foaral no’t der snie fallen is, is net mear te sjen wêr’t de swakke plakken sitte.
De IJWC (iiswegensintrale) Idaerderadiel warskôget dan ek mei klam IT SWIN NET OP TE GEAN! Foar fragen: Loekie Kooistra, Henk Korf.