Dorpssite Reduzum / Friens

Wisten jo dat...

desimber 2011

  • de hurde wyn fan de lêste wiken foar aardich wat oerlêst soarge hat?
  • de kreamfersoargster mear wurk hie fan de opblaasbaby by Richard en Anja ( DSB) as fan Jordy?
  • in flaggemêst fan de Blauwe Tinte sa bryk hinget dat de flagge de grûn rekket?
  • in beam lâns de Beslingadyk omwaaide en der foar soarge dat Friens isolearre wie?
  • men moarns gjin wetter hie en allinne mei it mobyltsje kontakt mei de wide wrâld hie?
  • de beammen oan de Stânfriesstrjitte en Legedyk faaks krekt op tiid omseage binne?
  • harren famyljeleden om it sportfjild en beukerskoalle (selde bertejier !) al lang ferstoarn binne?
  • popels it ornaris net langer as in jier as tritich úthâlde mar dizzen krapoan 50 wurden binne?
  • we op 28 desimber wer skutjasse yn ‘e kantine (opjaan by Tjeerd Jorna 602123) of yn de kantine?
  • ferline wike legionellabakteriën fûn binne yn’e gymseal en skoalle?
  • dyselde skoalle op tongersdei in gesellige krystkuier organisearret en sa it krystferhaal útbyldet?
  • de start om healwei sânen op it plein is en jo fansels bêst in eintsje ( of wat mear ) meirinne meie?
  • der sa no en dan geweldige knallen yn Reduzum te hearren binne?
  • it earste fjoerwurk al yn beslach nommen is, mar dat grif net it lêste is?
  • der ek in ûnbenul mei de auto op it sportfjild west hat en grutte, djippe spoaren efterlitten hat?
  • bern fan groep 7 en 8 op ‘e krystjûn ( 24 des.) gedichten foarlêze sille en it krystboadskip fertelle?
  • we earst meiinoar bûtendoar sjonge by de hiele grutte krystbeam yn’e Prinsetún?
  • it spitich is dat de earste boete (€ 100) útjûn is foar in auto dy’t tsjin it ferkear yn ried op’e Buorren?
  • yn Idaerd in geef oerwurk yn de tsjerke hinget dat noch orizjineel is en stamt út 1500-sa-folle?
  • der dus neat oan fernijd is en de ûndersykskommisje hast fan’e trep foel fan fernuvering?
  • in man út Vlaardingen dwaande west hast mei it beskriuwen fan de sarkofagen út dizze tsjerke?
  • de Argyfgroep in eksemplaar krigen hat fan dit wurkstik, kompleet mei foto’s en tekeningen?
  • âld-Redúster Theo Tjepkema 80 jier wurden is en noch hyltyd atletyktrener is?
  • de âldjier-molkbusknallers wer in fergunning krigen hawwe foar karbidsjitten op de moarns?
  • Hyves (Reduzum) ús fertelt dat dit doarp it moaiste fan hiel Nederlân is?
  • Suzanne Heefer ( earder Van der Veen, Houtstek) meldt fia it gasteboek dat se hjir mei in hiele protte nocht wenne hat en har dank út sprekt nei de skoalle?
  • der yn de Friesmawei yn Idaerd in kjeld-mjit-punt yn’e dyk sit?
  • dit punt foar de sâltstruiers fan belang is omt it it kâldste punt fan de gemeente skynt te wêzen?
  • as de temperatuer ûnder nul sakket, dizze minsken tagelyk mobyl ynseind wurde en op paad gean?
  • as jo nijsgjirrich binne, jo krekt foar de pleats oer fan Jilles en Geartsje sykje moatte?
  • der yn neifolging fan Friens ek in grutte nijjiersbrânbulte (túnôffal) lâns de Friesmawei lei?
  • dizze bulte net brâne sil, omdat OMRIN dit túnoffal al ophelle hat?
  • Sinteklaas yn Idaerd yn’e frachtwein-trúk oankommen is en hy It Lokaal hast foarbij ried?
  • de snelheid yn Nederlân oeral ferskillend is en hy dêrom mar in gonkje tusken 30 en 130 oanhold?
  • de jonges gelokkich yn’e gaten hiene dat it mis gean soe en gau achter de trúk oandraafden?
  • Sinteklaas mear ferfiermiddels hat (seit er) en it yn Reduzum op’e fyts dwaan moast ?
  • we tinke dat hy earst yn Idaerd west hat en dêr syn rydbewiis ynleverje moatten hat?
  • it Bogerman-(jeugd)orkest út Snits ynkoarten de SwinSwette-syklus fan 2012 iepent?