Dorpssite Reduzum / Friens

Ferslach jiergearkomste Linepraat

 

Ferslach fan de jiergearkomste fan Linepraat op 8 maart 2011

 

De iepening is om 19.35 oere troch Blijke.

 

Oanwêzich binne; Blijke, Gerry, Geeske, Jantje, Tsjeppy, Sytske, Henk, Anneke en Wilma v Marrum foar de Reduster internetsite

Ofmelding fan Afke v Gorkum.

 

Der binne gjin meidielings en ynkommen stikken, Anneke en Geeske ha niks binnen krigen.

 

Oer de oantekens fan de foarige jiergearkomste (Anneke) en it jierferslach (Tsjeppy) binne deselde opmerkingen, nl: dat bij beide de namme fan Tseppy ûntbrekt as dielnimmer bij de redaksje en typste en ek bij it rychje fan ynpakkers, sy is n.l. de fêste nytmasine-spesjalist en sit oan it ein fan de rige.

Henk hat noch in fraach as der ek reaksjes kaam binne fan de postadressen en advertearders oer de priisferheging? Nee, dit is net it gefal en ik gjin opsizzers. Hij frege ek wat er bedoeld wurdt mei in glêde omslach. Dizze soe dan bij in drukker drukt wurde moatte, wat al djoerder is sa as it no giet , mar foar it sicht soe het Linepraat-boekje der dan kreazer útsjen.

 

De finânsjes binne no foarút gongen, dit is fertekene omdat der lidmaatskippen fan it foarige jier bij sitte en de skoalle mear papierrekkens betelle hat as oare jierren, dit giet altyd om en om. Yn de post diversen sit in bedrach fan € 350.- foar it ynbinen fan jiergongen Linepraat omdat se dan goed bewarre wurde.

De Rabobank sponsert noch wol mei in advertinsje, mar mei de rinte wurdt it minder; se jouwe oer 2010 gjin rinte mear op ien fan ús rekkens.

 

Begrutting: kommende tiid sil der wol in nije kompletere printer nedich wêze foar Geeske har Linepraatwurk, dêr is wol jild foar.

Der is ek wol jild om ris in kear in spesjale foto-bledside der tusken te dwaan of wolle we foar ien kear in glossy meitsje?, freget Blijke.

 

De kaskommisje besteande út Geeske en Afke, hat de boeken fan Sytske nei sjoen en har goedkarring jûn. De oare kear wol Wilma mei Geeske de boeken neisjen omdat Afke ôftredend is.

 

Foar de bestjoersferkiezing binne der gjin nije kandidaten oanbrocht en Blijke en Gerrie wolle beide wol wer trije jier troch gean en dit wurdt goedkard yn dizze fergadering.

 

It advertinsjebelied fan Linepraat jout de eigen ynwenners mei harren bedriuwen foarkar. Dus as der al in advertinsje yn de Linepraat stiet fan in advertearder út eigen trije doarpen, kinne wij ien fan bûten mei itselde berop wegerje. As der net al ien stiet út de eigen doarpen, pleatse wy advertinsjes út ûmjouwende plakken wol. It moat ek net in boekje wurde mei allinnich advertinsjes of as dit de oerhân krijt. We kinne troch it oantal advertinsjes dy’t we no ha goed de kosten dekke troch de wize wêr op we de Linepraat op dizze wize meitsje, mei frijwilligers en printe op skoalle mei frijwilligers.

Der wurdt fêststeld dat it advertinsjebelied sa bliuwt at it is.

Fan bûten de trije doarpen is der wol in fraach om te advertearen troch in útfeartsfersoarger, hjir komme we dizze jûn net út, net eltsenien is lid fan de pleatselike begraffenisferieniging mei eigen boade, der sil earst mei dizze útfeartsferiening oerlein wurde, Geeske freget dit nei.

Wilma merkt op dat op dat er fan de sportferienigings ek bij de Redúster site oandacht frege wurdt om winkelmuntsjes te sparjen, of oare aksjes fan winkels, sokke advertinsjes wurde net pleatst. Dit kin wol setten wurde op het prikbord fan de site, of in meidieling of yn de wistenjodatsjes.

 

Rûnfraag:

Wilma freget dat wannear der ynformaasje tastjoerd wurdt nei de Reduster-ynternetside, hja dit trochstjoere moat nei de Linepraat? Antwurd is; ja doch dit mar.

De folgende fraach giet oer de in memoriams, hoe giet dit?

De Pleatselijke Belangen freegje nei it ferstjerren earst de famylje of sij in IM foar de Linepraat skriuwe wolle, oars wurdt der in oar frege, meastal sa gau mooglik.

 

Geeske merkt op dat op de datum fan de redaksjegearkomste der te min spul binnen is, en in pear dagen letter noch wol komt, sadat sij dit allinnich neisjen moat en dan noch klear sette moat om de bledside-yndieling klear te krijen foar moandeitemoarn. Dit hâldt dan faak yn dat se dêr yn it wykein noch drok mei dwaande is. Dus alle ferienigingen krije in e-mailtsje om harren te hâlden oan de ynleverdatum oars wurdt it stik NET mear pleatst yn de Linepraat fan dy moanne. Henk en Blijke sille ek sa gau as mooglik harren stikjes ynleverje, mar se wolle noch wol de aktualiteit yn it each hâlde.

 

Blijke merkt op dat se soms op it lêste momint noch wat skriuwe wol oer fan alles om ús hinne, foaral de leefberens om ús hinne sit har heech. Se wol der gjin minsken mei kwetse en ek gjin politike stânpunten ynnimme. Dêr hat se foarich jier in soarte fan krityk oer hân en dit belemmert har no wol yn it sykjen fan ûnderwerpen. Ek krijt se persoanlik positive reaksjes, dus wol se der wol mei troch gean.

Blijke freget as we nije dingen betinke moatte foar de takomst; nee we gean earst sa troch sûnder te twitterjen of filmkes en dat soarte dingen.

 

De sluting fan de gearkomste is om 21.00 oere. Blijke bedankt elts foar har of syn ynset.

Se bedankt dan Geeske foar it yn elkoar setten en seit dat se mar net siik wurde moat. Hjirop antwurdet Geeske dat dyjinge dy’t dit wurk oernimt it wol snappe sil en oars komt de Linepraat foar ien kear mar wat letter yn de brievebus bij de minsken.

 

Anneke.

Jiergearkomste Linepraat

De feriening ‘De Fjouwer Doarpen’ noeget alle leden út ta it bywenjen fan har jiergearkomste op tiisdei 8 maart 2011 om 19.30 oere yn skoalle

 

Wurklist :          1.         Iepenjen

                        2.         Meidielings en ynkommen stikken

                        3.        Jierferslach

                        4.        Oantekens foarrige gearkomste

                        5.        Finansjeel oersjoch

                        6.        Begrutting

7.        Ferslach kaskommisje (Afke en Geeske) en beneamen fan in nij lid fan de kommisje

8.        Bestjoersferkiezing,

            - ôftredend Blijke Vellinga (foarsitster), wer te kiezen

            - Gerrie van der Meulen (lid), wer te kiezen

            (eventuele tsjinkandidaten kinne harren melde foar 8 maart  19.00 oere by it bestjoer)

                        9.        Advertinsjebelied (wat kinne we pleatse fan bûten de doarpen?)

                        10.       Rûnfreegjen

                        11.       Sluten

 

Alle leden (oansletten ferienings) binne by dizzen útnoege.

Wy stelle jim oanwêzigens tige op priis, wy hawwe wol wat mei jimme te bepraten.

 

It bestjoer.


 

Linepraat: ferslach jiergearkomste 2010

 

Ferslach jiergearkomste Linepraat op 8 maart

 

Iepening fan de gearkomste efkes nei healwei achten troch foarsitter Blijke.

 

Oanwêzich binne: Gerry, Sytske, Tsjeppy, Blijke, Anneke, Geeske, Jantsje, Tineke Koopmans,

Anneke Boonstra en Harke vd Wal (Doarpsbelang Reduzum)

Ofmeldings fan: Afke en Anke v Gorkum, Henk.

 

Der binne gjin meidielings en ynkommen stikken.

 

Oer de oantekens fan de foarige jiergearkomste (Atsje) en it jierferslach (Tsjeppy) binne gjin opmerkings.

 

De finânsjes binne in bytsje achterút gongen omdat skoalle foar de stinselmasine € 500.- ekstra krigen hat en hjir no mei-elkoar € 2500.- foar kriget.

 

Yn de begrutting foar it kommende jier binne der mear kosten meinommen, ek mear papierkosten.

It foarstel om de advertinsjetariven te ferheegjen mei 10% is goedkard. Doarpsbelang Reduzum stelt dan as foarwaarde dat de skoalle dan totaal € 3000.- krijt foar de stinselmasine. De postadressen krije dan ek in brief dat se sels tenei alle postsegelkosten betelje moatte, harren kosten wiene € 16,- en wurdt no €25.- jier om lyk te draaien.

Losse advertinsjes wurde fan € 6.50 (1/4 side) oant €15.- (hiele bledside).

De meidielings gean omheech fan € 1.20 nei € 1.50. Alle advertearders krije yn juny in bysletten priislistje mei de ôfmjittings derby, foar it nije jier.

Harke freget hokker masines Linepraat sels hat : dit binne 2 elektryske nytmasines en in computer. De stinselmasine wurdt leased troch skoalle en Linepraat betellet dêr oan mei. Troch de komst fan e-mail wurdt der folle minder gebrûk makke fan de stinselmasine troch ferienigingen en dêrtroch binne de ynkomsten foar dizze masine bot werom rûn.

Harke sit wylst te skriuwen en rekket flot út, dat 11 kear Linepraat, kear 600 abonnees, kear 50 bledsiden, útkomt op 1 miljoen bledsiden yn´t jier. At je dit dwaan litte op in supermoderne boekjemasine yn in Copyshop, de kosten dan sa’n € 10.000,- wêze soene. No kostet de Linepraat

€ 4000,- (makke troch frijwilligers!!!). Dus besparje wy € 6000,- per jier !!!

 

It finansjeel ferslach fan Sytske is neisjoen troch de kaskommisje Afke en Tjeerd. Omdat se der beide net binne, komt it grutte kas/bankboek op tafel en besjocht de foarsitter de beide hantekenings en jout har goedkeuring. De nije kaskommisjeleden binne Afke en Geeske.

 

Foar de bestjoersferkiezing binne der gjin nije kandidaten oanbrocht en Sytske wol har 9 jier wol fol meitsje, dus giet sy noch 3 jier troch as penningmaster.

 

Evaluaasje en takomst/ideëen

Elts fan de oanwêzigen is wol tefreden sa’t it no giet.

De stikjes dy’t oanlevere wurde troch lêzers, wurdt wol op priis steld. Dizze stikjes wurde dan ôfdrukt yn de taal wêr’t it yn oanlevere wurdt. Belangrike meidielings wurde al yn’t Nederlâns oanlevere, skoalle, húsdokter en sa, mar as Linepraat wolle wy ús Fryske taal ek net misse en sille we ek net sok “dreech” Frysk brûke.

Ek bûtenlânske stage-ferslagen binne aardich om te lêzen.

Harke merkt op dat hij de “konkurrent” de Reduster website opsetten hat en dat beide moai neist elkoar bestean kinne en dat de Linepraat ek noch groeid is mei mear oplages (600) en mear bledsiden.

Hjir blykt út, dat langere ferhalen en ferslagen harren it bêste liene op papier. De redaksje moat der wol om tinke dat der net te folle tekst yn de stikken komt. As foarbyld; de húsdokter-bledsyiden; dizze wurdt sa oanlevere en wolle wy net yn skrappe.

Ek it lettertype moat net lytser fynt elts. Miskien is in glêde omslach út 1 stik noch in idee. Opmakke mei tekeninkjes en sa kin ek (hat in lệzer hjiroer ideeën foar tekeninkjes of stripferhalen?).

Dit jier wie de kolofon nij + bledside nûmering, dit wurket wol oersichtlik

Dan krijt Gerry in plúmke foar har neisjochwurk fan alle teksten om taalflaters te foarkommen.

Mar it is wol dúdlik dat op dizze wize fan Linepraat meitsjen de frijwilligers jild besparje en de kosten sa leech mooglik hâlde !!!

 

Rûnfraach:   
Harke wol witte wat in redaksjefergadering ynhâldt; Op woansdeitemiddei (ien wike foar de lêste tongersdei fan ’e moanne) komme wij byelkoar; Geeske (sy krijt op de computer alle ynstjoerde stikken binnen + bryfkes), Sytske (Friens), Anneke (Idaerd), Blijke, Henk (foar skoalle en de wistenjodatjes) en soms Jantsje (freelancer). De measte stikken binne al digitaal oanlevere, wat op papier oanlevere wurdt, ferdele we en type dit dan thús op de computer en stjoere dit dan wer nei Geeske ta.

We beprate dan de ynkommen teksten, advertinsjes en meidielings. Politike stikken wurde net pleatst, útsûndere útnoegings foar fergaderingen.

Anneke Boonstra wol witte bij hokker strjitte of besoarchrûte har skoanâlders hearre, omdat se faak ferjitten wurde en se freget oft Geeske yn de fakânsjes ALLE Linepraten allinnich rûnbringt. Dit antwurd is nee, se wurde dan ferdield ûnder de minsken dy’t dy tiisdeitejûns mei elkoar de Linepraat makke ha.

 

Foardat Blijke de jûn slút om 20 oer njoggenen, tovert se in blau fioeltsje út har tas en jout se dit oan Geeske foar it hiele jier wer yn elkoar setten fan de Linepraat op de computer.

 

                                                                                                                 Anneke.

 


 

Linepraat jierferslach 2010

 

Jierferslach 2010

 

Yn 2010 is ek de Linepraat wer eltse moanne útkommen, útsein fansels yn de fakânsjemoanne july. Yn de simmer hiene we in ekstra útjefte yn ferbân mei it ôfskie fan Henk Korf by skoalle.

Trochdat no hast alles digitaal oanlevere wurdt, is der foar de typistes (Anneke, Sietske en Tsjeppy) meastal net folle mear te dwaan. Alles komt fia de mail binnen by Geeske en hja soarget dat alles kreas in plakje kriget mei de advertinsjes der tusken. Hjiroan is de lêste tiid ek gjin gebrek, we hoege net achter nije advertearders oan, se melde harren meastentiids sels. De oanlevere teksten wurde foardat se pleatst wurde noch wol even neisjoen troch Gerrie, want we wolle fansels sa min mooglik skriuwflaters yn ús krante hawwe.

 

De fêste pakploech, besteande út Geeske, Afke, Gerrie, Sietske, Alie, Anneke wurdt faak bystien troch oare frijwilligers, hjiroan is lokkich gjin gebrek. Tseard en Theo fersoargen ek dit jier wer de printinge.

Us jiergearkomste hiene we dit jier op 8 maart. Yn it bestjoer wiene der gjin wiksels.

 

Henk hat alle moannen wer de earste side fersoarge en ek alle ‘Wisten Jo’s’ by elkoar skarrele. Dat wie soms in hiele toer, mar hy hie dochs eltse moanne de side wer fol mei allegear grutte en lytse nijtsjes en rabberijtsjes út ús doarpen.

Blijke hat eltse moanne de rúbryk “Yn en om Reduzum’ fersoarge.

Der is troch Jantsje en Janneke in ‘Yn petear mei’ fersoarge yn maart mei Piet Elzinga en yn juny mei de nije húsdokter fan Jirnsum, dr. Venema en yn de hjerst mei Hilda Bleijswijk.

Ek stie der fan Baukje Wytsma hast alle moannen in ferhaal yn.

Pleatslik Belang hat der foar soarge dat der fan elts dy’t ferstoarn is yn de trije doarpen in ‘yn memoriam’ yn kaam.

Skoalle en Pjuttenijs koene ek wer eltse moanne harren kopij kwyt yn de Linepraat

 

Fierders ha de  jierstikken fan de Sportstifting, Roto, de Laatste Eer, Linepraat, Fûgelwacht, Doarpsbelang, volleybal, keatsen en gymnastyk yn de Linepraat stien. Ek oare ferienings, sa as kuorbal, tennis, en ek oaren hawwe hiel goed gebrûk makke fan de Linepraat. It is fansels ek de bedoeling dat safolle mooglik pleatslik nijs yn de Linepraat komt, sadat de bern net hieltyd wer briefkes by de doar lâns bringe hoege. Mar oan kopij is der meastentiids gjin gebrek.

De foarplaat fan it Krystnûmer waard dit jier tekene troch Nynke Visser. It Krystferhaal waard wer fersoarge troch Froukje Popma. Der stiene ek dit jier wer in hieleboel nijjiersadvertinsjes yn, dy’t ophelle binne troch de skoalbern.

 

Wy hoopje ek yn 2011 troch te gean op deselde wize en mei in soad kopij.


Tsjeppy