Wisten jo dat...

Maart 2009

  • de kuorballers fan MidFryslân sneon nei Skeveningen moatte om dêr,            
  • troch te winnen fan KVS, in earste stap te setten nei in plakje yn de Top-league fan Nederlân ? 
  •  it twadde tiim kampioen wurden is en no yn de reserve- haadklassse útkomme sil?
  • der noch mear kampioenen binne, mar benammen de D’s (mei Siety, Melissa en Hattum) it hiel knap diene yn de Haadklasse Noard en ek no sneon (yn Goes) spylje om it Ned. kampioenskip?
  • it hiel aardich is dat nije ynwenners harren sels efkes foarstelle oan it doarp middels de Linepraat?
  • der ek no wer in moai stikje yn stiet en al inkelde minsken oanjûn hawwe dit foarbyld te folgjen?
  • de Vrouwen van Nu alle alve stêden fan Fryslân bij del west hawwe op harren kuierpaad?
  • hja op 23 april de rige ferfolgje mei in stedskuier troch Reduzum oan de hân fan ús kuierboek?
  • Inge de Bruin in moaie priis ( lamp ) wûn op’e toanieljûn fan Roto en dêr yn’t skoft in moai plakje foar socht, sadat se him net de hiele jûn ûnder de earm hâlde hoegde?
  • it ding nei ôfrin fuort wie en it wol hiel spitich is dat soks yn eigen doarp bart?
  • Eagum no einliks in nije brêgeleuning hat, in bytsje breder as de âlde, mar wol hiel netsjes?
  • Friens noch altyd wachtet op in nije spegel op’e hoeke bij de Bile?
  • de fytsrûte –buorden fan Friens ( fan beide kanten) en Idaerd ( trijesprong bij Kleefstra) finaal oan gruzels slein binne, nei alle gedachten yn de âldjiersnacht?
  • soks fansels beskamsum is   ( krekt as de fûgel op de Havenspeal) en in oanfluiting foar de doarpen?
  • de syntetyske iisbaan in mear as daverjend súkses west hat?
  • der bern wiene dy’t jûns suver de trep net mear opkomme koene, mar de oare deis dochs wer foaroan stiene, sadree de muzyk út de lûdsprekkers kaam?
  • we trije moanne ferlyn yn Stiens wiene te sjen en der mei muoite trije bern op it iis te krijen  wiene?
  • der stimmen opgean om yn’t kader fan de oanpak fan ’t nije skoalplein dêr keunstiis del te lizzen?
  • de aaisikersploech krekt op tiid in wykein it lân yn is?
  • Otto Boonstra earst by skoandochter Anneke op sms-kursus west hat en wij hoopje dat hij  foar it lieden fan de skille (6450 aaien) der noch gebrûk fan meitsje kin?
  • we de hoed ôfnimme foar de dragers fan de Lêste Eare, dy’t dit ‘wurk’ no al 25 jier dogge?
  • der wer romte is yn’e Haven is en jo net op’e list hoege foar in lisplak foar de simmerferdivedaasje?
  • de bewenners fan de âlderenwenten op it Swinlân in kookkursus krigen?
  • jo no net tinke moatte dat dizze minsken foar it earst selsstannich wenje of net itensierde kinne, mar hja op dizze wize wenne koene oan de ynduksje-oven, dy’t  yn alle wenten ynstallearre is?
  • de Swin-Swette kommisje ús allegear útnoeget om meiinoar te sjongen yn de tsjerke fan Friens?
  • Lolke Kalsbeek ynkoarten 35 jier feedokter is?
  • de jeu de boulers harren in skoft rêde moasten yn de Greidhôf, mar it fjildseizoen no wer begjint?
  • de kleanaksje fan Roto wer foar de doar stiet en de fytsklup it program klear hat?
  • jo alle fierdere ynformaasje oer boppesteande dingen fansels yn dizze Linepraat fine?
  • kommende sneon de kreakauto mei ús help alle papier ophellet dat lâns de dyk stiet ?